Huningbij

De Huningbij (Apis mellifera) is in ynsekt dy't sawat oer de hiele wrâld foarkomt. Huningbijen wurde troch minsken ynset foar de produksje fan huning, bijewaaks en medisinen, en foar de bestowing fan fruit. De bijefolken wurde ûnderhâlden troch ymkers. Fanâlds komme de bijen út Afrika en hawwe letter harren wengebiet fergrutte. Yn Jeropa besteane der twa genetysk ferskillende populaasjes. Ut it DNA blykt dat se mear besibbe binne oan de Afrikaanske ûndersoarten as oan elkoar. It genoam fan de Huningbij wurdt op it stuit troch wittenskippers útinoar raffele. Huningbijen libje op in komplekse wize byelkoar. Hja hawwe in ynterne klok dêr't se better troch navigearje kinne en wêrmei't se taken goed ferdiele kinne. Dêrneist is de biologyske klok fan grut belang by de bijedûns, dêr't de wurksters ynformaasje mei oan elkoar trochjaan kinne as it bygelyks oer it finen fan iten giet.


Developed by StudentB